Beart skeart

Ik woe noch efkes weromkomme op xf4frxfbne tiisdei, by de resepsje nei it Piter de Groot Feest.

Beart Ooosterhaven, dichter en hinneman, wie aardich op ‘e tekst. Ik hoopje dat ik him sa in bytsje kristlik sitearje: "Neffens my sitte wy no yn in alhiel nije situaasje wat de Fryske literatuer oanbelanget. Earder hiene jo blxeaden as Sonde, Fryx, Trotwaer, Hjir, de Stiennen Man, Farsk, Kistwurk, Sneed, Absint, de Strikel… (faaks kinne myn lxeazerkes noch in pear opneame). No is der allinnich noch mar de Moanne en ensafh. En de Moanne hat hast gjin romte mear foar literatuer. Dat der noch by stiet: tegearre mei Trotwaer is in gotspe. En ensafh kriget no tefolle kopij foar de papieren edysje, se hawwe dxear no in wachtlist. Ik skytskoarje der noch wat tsjinoan om op ynternet te publisearjen."

Dat wiene sawat de wurden fan Beart. No sa, no jimme. Is it wier?

Sil jxfbn alwer bamy ite, mar no mei in lxfbmpia derby. En ien as mear gleskes wite wyn.

0 Responses to Beart skeart

  1. Hoi Cornelis!

  2. Hoi Cornelis

  3. Ha goeie mantsjes! Gedraach jim hin!

  4. i p2 r90, hoe kanst dat fantastys moaie tydskrift nou fergete!

  5. Hee, ha’k fergeten! Skande!

  6. Little Red Rooster

    Cornelis, sa ast sjochst skytskoarje ik al net mear tsjin publisearjen op ynternet oan!

    Do hast my oars wol aardich ‘kristlik’ sitearre. Oanfoljender wize: wat ik ferline wike tiisdeitejxfbn besocht ha dxfadlik te meitsjen, is it folgjende.

    Mei it troch de jierren hinne opdoeken fan allerhanne papierene literxeare en oare tydskriften en it fertinjen fan ‘De Moanne’ ta in algemien twatalich kultureel suertsjewetter blxead, wurdt it literxeare bedriuw njonkelytsen in folslein firtueel oeheden. Mei elke bloggende skriuwer as syn eigen redakteur en kritikaster. Hiel oars as doe’t der noch redaksjes wiene dy’t auteurs fan replyk tsjinje koene, ear’t in stik ‘publisearre’ waard.

    It hiele literxeare bedriuw sit dus yn in reorganisaasje. Yn 2018 toant Jannewietske kultureel Europa in I-pad oan webstekjes, as libben bewiis fan in bloeiende Fryske literatuer. De dwers harjende en narjende Pieter de Groot syn Ljouwerter Krante is dan grif ek al nei gychem.

    Kukelekxfaxfaxfa!

    Beart Oosterhaven
    (dichter, muzykpublisist, skieppe- en hinnehxe2lder te Wjelsryp)

  7. Ha Cornelis,

    Hidde en ik hieden een vatsige bui, drank ient spul sille we mar sisse.
    Mar we sille us gedrage hjer, wat dan ek is.
    Ik ha dei hjirre thus wol gauw der us ient vizier omdast oan de muorre hingest as frieske dichter. De serie vordert aardig.
    Hidde en ik wol der san 20 portretten meitsje.
    Huuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuu

Laat een reactie achter

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>