Grinzer skriuwersgroep…

Ik moast, yn ferbxe2n mei in besprek foar it Frysk Deiblxead, wat opsykje by Tresoar. En, sa as it wol faak giet mei ynternet, jo dwale wat xf4f. Lxeas en rydboskje.

Dxear haw ik my altyd al dea oan ergere: dat skriuwers dy’t tafallich yn deselde stxead wenje samar ta in groep bombardearre wurde. Der hat yn it ferline ien sjoernalist west, neffens my Suertsje de Vries, dy’t om ris in ‘leuk’ artikel te skriuwen dit hiele idee xfat syn grouwe tomme sxfbgd hat. En sxfbnt dy tiid papagaaiket elkenien him nei. Tresoar docht dat ek, mar makket it noch folle slimmer troch klearebare xfbnsin del te kwatteljen. Sa wurdt ek Abe de Vries ta de (eartydske) Grinzer Fryske skriuwersgroep rekkene. De Vries wie doe hielendal net mei Frysk skriuwen dwaande. Sterker noch: hy hie oant 2001 noch nea in wurd Frysk skreaun. En wenne er wol yn Grins? Neffens my net. Faaks lxeast De Vries mei en kin er xfas fierder ynformearje.

Lxeas it sels mar: ‘Albertine Soepboer hearde ta it ploechje skriuwers dat yn de twadde helte fan de jierren njoggentich en it begjin fan 2000 de stxead Grins op de x91Fryskx92 literxeare kaart setten hat. De groep skriuwers, dxearx92t fierders Tsead Bruinja, Abe de Vries, Meindert Talma en Nyk de Vries diel fan xfatmakken, foel op troch har eigentiidske en eigensinnige literxeare wurk, faak yn kombinaasje mei muzyk, kwalitatyf fan heech nivo. Se hearden ta in jonge generaasje dichters en skriuwers, dyx92t troch har wurk en wize fan wurkjen in ympuls joegen oan de Fryske literatuer. Sy wisten ek effektyf gebrxfbk te meitsjen fan it doe noch nije medium Ynternet. Yntusken wenje al dy skriuwers net mear yn Grins.’

Hjir oan te klikken.

Mei ik ris freegje: is der faaks ek in Ljouwerter Skriuwersgroep? In Snitser? In Harnzer? Ja fansels, in Harnzer skriuwersgroep, want Albertina wennet no yn Harns en Sytse Jansma ek, en noch wol in pear skriuwers. Dat moat wol in groep wxeaze!

Enne… wxearom wurdt Knilles eins net neamd? Dy spoeke ek in Grins om yn dy snuorje. De triennen rinne him oer it rxfbge wang – moarn wer skeare. Is… it in boycot?

Mar wat jout it… Der hat hielendal noait sprake west fan in Frysktalige Grinzer skriuwersgroep. Safolle gedoente hie men net meixefnoar. ‘Wy’ wennen tafallich allegear yn deselde stxead. Dat is alles. Op Abe nei dan.

En wa skriuwt dy siden fan Tresoar eins? Ien of oare stazjxeare? En wa kontrolearret soks eins? It antwurd op de lxeaste fraach moat wxeaze: Knilles. Dit mei dus ek beskxf4ge wurde as in iepen sollisitaasje.

Jxfbn waarmje ik wer brune beanesop op. Jim binne warskxf4ge.

0 Responses to Grinzer skriuwersgroep…

  1. Ik wenne fan oktober 1996 oant july 1999 yn Grins, doe in jier yn Belgrado, en dernei yn Hollan. Myn Fryske skriuwerij begun net earder as yn 2001, doe’t ik yn Hoofddorp wenne en foar Elsevier wurke. Dus dy “Grinzer groep” ha ik noait by heard.

  2. Tank foar de ynfo Abe! No ris sjen oft it artikel ek oanpast wurdt troch Tresoar.

  3. Mei de redaksjeleden fan ‘Boerum yn Beweging’ foarmje ik de Boerumer skriuwersgroep.
    Knilles. Dat Tresoar dat ek mar efkes opnimme wol.

  4. Forza Boerum!

Laat een reactie achter


You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>