In E reader foar Knilles + updeet
Ik hie it oant no ta Geheim hxe2lden, mar sxfbnt in wykmannich haw ik ek in E-reader. Ik koe him eins net betelje, mar nei wat hinne- en wer skowen mei rekkeningen en it gas en ljocht in moanne letter te beteljen haw ik der dus ien keapje kind. It is de Sony Reader Pocket Edition wurden. Hy is by de Mediamarkt sa’n 30 Eury goedkeaper as by Bol.
Ik bin der hiel bliid mei, al, dat hearre jo dan te sizzen, it kin in ‘echt’ boek net ferfange. Mar it lxeast hiel noflik, de batterij giet hiel lang mei en it is maklik te betsjinjen.
Ik bin xfb.o. de skripsje fan Joke Corporaal oer Anne Wadman op de Sony oan it lxeazen. Dy koene jo earne dellade, bin de url kwyt. I n treflik boek, al wit ik net oft der in soad ferskillen mei de hannelsedysje binne.
En wat sitte der allegear mear foar boeken op? Te folle om op te neamen. Poxebzij noch it measte. In hiel soad is gewoan fergees te krijen. Der stiet mar ien Frysktalich boek op… Fan Hjerre Gjerrits van der Veen. Ik wit sa gau net mear wxear’t ik dat delladen haw. Letter mear…
Haw hachxe9 mei reade koal en rjappels iten.
Updeet: hjir stiet de dissertaasje fan Joke Corporaal.