VRIJMIBO en beker sop

No, it is safier: Abe de Vries hat oanjefte dien tsjin Huub Mous. Bin hiel benijd nei de xfatkomst, mar wy wurde wol op ‘e hichte hxe2lden troch de beide mannen tink.

Jawis, in brief krigen fan Tresoar. In freonlike brief, mar wurk is der op it stuit net. Myn wolmiende ferxfbntskuldigens foar myn xfbngeduld en xfbnfreonlikens wat Tresoar oanbelanget. Ik hie in wykmannich lang in Min Sin. Dat is no oer, aldergeloks. Kwestje fan tiid…

Koos Tiemersma, de Godfather fan de Fryske Literatuer, mingt him ek yn it debat. Dat leau ik alteast, want syn skriuwen is net al te helder. Faaks in VRIJMIBO hxe2n? It soe samar kinne. Ik net hear, drink in beker sop.

De Ljouwerter Krante is ek binnen, ris sjen…Ah! In lang stik oer en mei Ton van ‘t Hof, fan de Contrabas. Hy wennet sxfbnt koart yn Ljouwert. Fierders.. heden, hoe hawwe wy it no, alwer in nisgjirrich stik, no oer de betreurde Gys Miedema. Dy ha’k noch wol kend, seach him geregeld yn cafxe9 Silbermann te Ljouwert.

No sa, genxf4ch reklame makke. Sil dit ite. Oant moarn.

0 Responses to VRIJMIBO en beker sop

  1. ‘kind’ = ‘kend’.

    Net dat der spul fan komt, mar ik tocht: ‘Ik sis it efkes’.

    Dus, jo wiene by Tresoar? As jo wer komme dan ek efkes by my delkomme. Kofje is der altyd (en ek noch wol wat oars).

    Jo goefreon Sito is der meast ek al is dy wat aventoerlik en soms op ‘en paad.

    O ja, ik sit by de ien nei lxeaste doar foar de needxfatgong. Dat jout in noflik gefoel.

  2. Ha Daam!

    Is ferbettere, ik wit wol hoe’t it heart, mar myn fingers witte dat net altyd. Ik wit jim no te finen!

    fr gr knilles

Laat een reactie achter


You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>